Moadeketen Witteveen mei winkel yn Drachten fallyt

© Omrop Fryslân, Mariët Saakstra
De keten Witteveen Mode is troch de rjochtbank Midden-Nederlân fallyt ferklearre. De keten mei klean foar froulju hat sa'n 100 filialen, wêrûnder ien yn Drachten dy't ferline wike iepene waard. It bedriuw mei it haadkantoar yn Zeist siet al langer yn swier waar. It is net dúdlik as de winkels noch iepengean en as der in trochstart komt. De kurator komt yn de rin fan de dei mei in ferklearring.