Mêst Amicitia ferrotte, net genôch tafersjoch op sektor

26 jul 2017 - 10:05

De brune float mei histoaryske skippen moat profesjoneler opset wurde. Dêrneist moat der mear tafersjoch komme op de sektor. Dat is de útkomst fan it ûndersyk fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid nei it ûngelok mei it sylskip Amicitia ferline simmer. Ut it ûndersyk docht bliken dat de mêst foar in grut part ferrotte wie en dat der ûnterjochte in feilichheidssertifikaat foar seis jier ferliend wie.

De Onderzoeksraad seit ek dat troch de grutte kommersjele groei fan de ôfrûne jierren, in efterstân ûntstien is yn de kunde oer feilich ûnderhâld fan dizze bysûndere skippen. Ek de sertifisearring en it tafersjoch op de brune float is net foldwaande. Keuringsynstânsjes hâlde harren net oan de wetlike foarskriften en tafersjoch fan de Inspectie Leefomgeving en Transport út ûntbrekt.

Mêst ôfbrutsen

Op see, net fier fan de haven fan Harns, bruts foarich jier augustus de foarste mêst fan de sylboat Amicitia ôf. De mêst klapte nei ûnder en dêrtroch kamen trije Dútske toeristen om it libben. Yn septimber stelde de Onderzoeksraad in ferfolchûndersyk yn nei de oarsaak fan it ûngelok, mar ek nei de sertifisearring fan de histoaryske skippen dy't ferhierd wurde.

Dútsk ûndersyk: mêst ferrotte

Ut in Dútsk ûndersyk dat ferline jier oktober nei bûten kaam, die bliken dat it plak dêr't de mêst fan de klipper Amicitia ôfbruts, foar trijekwart ferrotte wie. Neffens de Bundesstelle für Seeunfalluntersuchung siet it breukflak by in izeren plaat dy't tsjin de mêst skroefd wie. Under de plaat wienen reparaasjes net goed útfierd, wêrtroch't wetter yn de mêst komme koe en de mêst op dat plak ferrotte. Nei oanlieding fan it ûngelok ynspektearre de Inspectie Leefomgeving en Transport yn oktober ferskate skippen fan de brune float. It gie om inkelde tsientallen skippen út deselde bouperioade, dy't mei itselde materiaal boud binne.

Trije Dútske toeristen

By it ûngelok mei it sylskip kamen trije minsken om it libben. It gie om in 19-jierrige man út Schiffweiler, in 43-jierrige man út Neubrunn en in 48-jierrige man út Mölsheim. Nei it ûngelok fear de sylboat werom nei de haven fan Harns. Dêr waarden de 51-jierrige skipper fan Stiens, syn frou en de njoggen oare opfarrenden opfongen en meinommen nei it plysjeburo. Sy rekken net ferwûne by it ûngelok. De Dútske opfarrenden hearden allegearre ta deselde famylje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)