UPDATE: Aksjefierders Skilkampen binne wer nei hûs

De aksjefierders by Skilkampen binne wer nei hûs. Op fersyk fan de plysje ha se harren protest staakt. De gemeente is dêrnei begûn mei de earste tariedingen. Woansdeitemoarn betiid wiene sa'n fyftjin minsken by Skilkampen yn Ljouwert om aksje te fieren tsjin de trochstek. De gemeente wol in trochstek fan 15 meter breed meitsje foar de rekreaasjefeart. De minsken fan Skilkampen binne bang dat dat de deastek is foar de seefûgelkoloanje, wylst der neffens harren wol goede alternativen binne.
It wurk waard al in kear útsteld omdat it briedseizoen noch oan 'e gong wie. De bewenners binne net tsjin de trochstek tusken De Tynje en De Kurkmeer, allinnich net sa breed en net op dat plak. De oannimmer dy't it wurk útfiere sil wie dwaande mei de tariedingen. In tal plysjeminksen stie op ôfstân te sjen. It is no wachtsjen op de gemeente wat der krekt barre sil.