Kollum: "Starumer Blokhûs"

26 jul 2017 - 08:58

"Noch mar kwalik wie Omrop Fryslân mei in kemper de provinsje ynlutsen, of it begûn te reinen. We sitte yn de hûnsdagen. Piet Paulusma kin noch sa sizze dat it allegear mar fabeltsjes binne, ús mem wist it eartiids al: as de hûnsdagen min begjinne dan bliuwt it wol trije, fjouwer wike sa jong. Boppedat is it buike fan eartiids no in stjelpende bui wurden. Dy feecht yn ien kear silige fytsfamyljes nei har trochweakke tintsje, dat jûns helpleas de âlde terp ôfdriuwt. Je hiere ek net mear in sylboatsje, dan lis je geduerich ûnder it seil te skûljen yn de reiden, wylst de boat stadich fol reinwetter rint. En as dan de sinne efkes trochkomt, en je hise wer optimistysk it seiltsje, dan lis je yn ien kwak om. Want tsjokke wynstjitten kundigje de folgjende bui oan. Tokke bries sizze se dan yn de Hylper leagenbank, dêr’t se gnize om de toeristen dy’t Turkije dochs mar omruile ha foar Fryslân, om't se noch net wisten dat dit de meast ûnsûne provinsje yn ús lân is. Hjir sit nammentlik op elke hoeke wol in boer dy’t noch gefaarliker guod útstjit as in kearnsintrale.

Safolle minwaarfoarsjenningen ha we no ek wer net hjirre. De rotonde by De Jouwer is op 't heden it moaiste. Elk bliuwt dêr wol efkes by stilstean. Oponthoud een uur. De musea, dêr’t we no noch in soad fan ha, sitte noflik fol. Mar dan is noch net elk te plak, want sa no en dan is de kroech wegens rijkdom gesloten. Eartiids hienen we ús lânskip noch, mar as Jantien der al pine fan krigen hat, dan moat it wol goed waardeloas wêze.

We moat dus wat oars betinke. Ik nûgje de toeristen allegearre út om nei Starum te kommen. Op himsels is Starum net safolle. Ja, je kin in fiskje ite, efkes op de haven omkuierje, dêr it stânbyld fan it froutsje efkes oer de holle aaie, oer de Iselmar útsjen dêr’t aanst de wynmûnen komme, en dan mar wer werom nei de boat of de kroech. Mar ik ha wat betocht. De oerheid hat nammentlik spul mei Starum. Oan de âlde haven stiet in rychje nijeftige huzen. Frjemde huzen, mar der wenje wol minsken yn. De kleuren bin wat wyld, lykas de huzen yn Willemstad op Curacao. Efter dy huzen lei eartiids it fuotbalfjild fan QVC. De Quick Valken Combinatie. Dêr lei de bal dus hieltyd yn de haven, om't dy kleurde huzen der doe noch net stiene. Op dat âlde fuotbalfjild wol de gemeente no in Blokhûs delsette. Dat skynt der yn de tiid fan it froutsje ek stien te hawwen. Dêrwei skeat se alle manlju de haven út, dy woe se dêr net ha. Dat Blokhûs sil de gemeente bouwe yn glês en stiel, gâns nijmoadrich. Dan kin de lju dy’t o sa fan de kultuerhistoarje fan Fryslân hâlde teminsten ek ris skrikke. Hoewol, de hiele bliksemse boel is dêr al fernield troch fjouwer fan dy mânske appartemintwenningen dy’t lykje op de hoeken fan grutte âlde Russyske gebouwen. Op de dyk yn Starum stean se lykwols net. Mar se stean der wol.

It spul mei de gemeente komt om't de lju fan dy kleurde wenten de grutte beammen efter har huzen net fuort ha wolle. Dat wol de gemeente al, dan kinne de havenkuierders moai it Blokhûs sjen. Mar dy minsken út de kleurde wenten sjogge dan hieltyd tsjin dat nijmoadrige Blokhûs oan. Doe’t de gemeente de beammen kappe soe ferline wike, want wy dogge yn Fryslân alles yn de tiid dat de toeristen hjir binne, doe woene de minsken har dêr oan fêstketenje. Kappe yn fêstketene lju fûn de gemeente in te bluodderich en grouwélich skouspul foar toeristen, dus hat wethâlder Offinga skille dat hy nochris neitinke sil. Wy sil him stypje mei dit swiere probleem. Kappe of net-kappe. Der is gjin tuskenoplossing. Der komt no in âld fiskersskipke yn de haven te lizzen mei in grutte beun. Dêr kin je it briefke kappe of net-kappe ynsmite. As de measten sizze net-kappe, dan farre we nei Snits en kappe de wethâlder. Is it meast kappe, dan farre we de Sudersee op en donderje de briefkes by de trouring fan it froutsje."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)