Boete foar Friesland Bank

30 maaie 2012 - 11:57

De Friesland Bank moat in boete betelje fan 250.000 euro. Dy is troch de AFM (Autoriteit Financiele Markten) oplein omdat de bank klanten net goed advisearre hat. It giet om fersekeringen tsjin de risiko's fan ferstjerren dy't yn 2009 en 2010 ôfsletten binne. De bank is wetlik ferplicht om ynfoarmaasje te freegjen oer de finânsjele posysje fan de klant en dat is net dien.

De boete wie earst in heal miljoen, mar is mei de helte werom brocht omdat de Friesland Bank beswier oantekene.

Trefwurden: 
Friesland Bank boete
(Advertinsje)
(Advertinsje)