Yta Strikwerda nominearre foar Gouden Venus van Milo

25 jul 2017 - 22:05

Yta Strikwerda fan Wolvegea is nominearre foar de Gouden Venus van Milo. Dat is in priis foar minsken mei in beheining dy't wat goeds dogge foar de mienskip en dêrtroch oaren ynspirearje. Yta, dy't it syndroom fan Down hat, stiet op in list mei hûndert nammen fan mear of minder bekende Nederlanners mei in beheining. Yta hat al ris op telefyzje west by Paul de Leeuw yn syn show.

Strikwerda is nominearre, om't se har eigen libbensferhaal opskreaun hat yn it boek 'Up Power' en dêroer fertelt op skoallen. Boppedat is se ûndernimmer en wol se mear minsken mei in Down-syndroom opliede ta ambassadeur yn Nederlân. Stimme op Yta kin oant 15 septimber. Op 30 septimber krijt de winner in Gouden Venus van Milo en 10.000 euro.

Trefwurden: 
Yta Strikwerda
(Advertinsje)
(Advertinsje)