Dumoulin wint Profronde Surhústerfean foar Mollema

Tom Dumoulin hat tiisdeitejûn de Profronde fan Surhústerfean wûn. De winner fan de Giro d'Italia wie yn de einsprint te sterk foar Bauke Mollema, dy't twadde waard, en de Sloveen Primoz Roglic. Mei de winst wie Dumoulin de opfolger fan Chris Froome, dy't ferline jier noch de fluchste wie yn Surhústerfean. Twa jier lyn wûn Peter Sagan de Profronde.

Dumoulin wie nei ôfrin entûsjast, en net allinnich omdat er wûn hie. "Het was mijn eerste keer, maar ik vind dit een heel mooi criterium. Ik ga zeker terugkomen."