Accolade sil hûnderten âlde balkons oanpakke

De helte fan de 614 âlde balkons dy't wenningkorporaasje Accolade ûndersocht hat, foldocht net oan de easken. By twa fan de balkons wie sels akút gefaar. Dat blykt út in ûndersyk fan de wenningkorporaasje nei hierwenten mei balkons yn en om Drachten, Frjentsjer, It Hearrenfean, De Jouwer en Snits. It Ryk hat sa'n ûndersyk ferplicht steld, neidat yn 2011 fiif balkons fan de Antillenflat yn Ljouwert nei ûnderen stoarten. Accolade hat 97 balkons gelyk ôfsletten. 203 oare balkons binne noch wol tagonklik, mar de bewenners meie der by in eventuele ferhuzing gjin ferhúslift tsjinoan sette. Dêr soene de balkons net oer kinne.
Accolade is al dwaande mei it werstellen fan de balkons. De kosten dêrfan wurde rûsd op mear as sân ton. Accolade besjocht noch oft de minsken dy't har balkon no brûke meie, ek in skeafergoeding krije kinne.