FIDEO: Dumoulin, Groenewegen, Weening en Bergsma yn S'fean

De 36e Profronde fan Surhústerfean wie dit jier sûnder de giele trui winner Chris Froome, mar mei Tour de France etappe-winners en de rôze trui. Sa is dit jier Dylan Groenewegen ien fan de dielnimmers. Hy wûn snein noch de massasprint op de Champs Elysées yn Parys. Ek Primoz Roglic en Bauke Mollema wûnen in etappe. Pieter Weening waard earder dit jier de berchkening fan de Ronde fan Eastenryk. Reedrider en Olympysk kampioen Jorrit Bergsma die ek mei. Miskien wol de grutste attraksje is Tom Dumoulin. Hy ried yn syn rôze trui en wûn de Giro d'Italia.
Wy sprutsen foar de start mei Dumoulin, Groenewegen, Bergsma en Weening.