Seegers slacht oan yn Waadsee

30 maaie 2012 - 11:37

It projekt om seegers werom te bringen yn de Waadsee, is suksesfol. Op de proeffjilden is seegers fûn. Seegers is goed foar fisken. Dy kinne der aaikes yn lizze. It seegers wurket fierder ek as in mooglike klimaatbuffer. Trochdat it sân fêsthâldt, kin de boaiem fan de Waadsee better meigroeie mei in stiigjende seespegel.

Frijwilligers ha ferline hjerst 100.000 lytse seegersplantsjes sammele op it Dútske eilân Sylt. Dy binne siedde op trije lokaasjes, by Balgzand, Uithuizerwad en Skiermuontseach.

De proef is in inisjatyf fan de Waadferiening en Rykswettersteat.

Trefwurden: 
seegers
(Advertinsje)
(Advertinsje)