Robbeboat oan de grûn, KNRM evakuearret 96 toeristen

De KNRM hat tiisdeitejûn by It Amelân 96 passazjiers evakuearre fan de WL35 Brakzand dy't op de Blauwe Balch yn de Waadsee oan de grûn rekke wie. It giet om in saneamde robbeboat, mei toeristen dy't seehûntsjes sjen wolle. By floed rekke de boat nei ferrin fan tiid wer los, mar de measte toeristen woenen dêr net op wachtsje. Guon moasten de lêste fearboat nei Holwert noch helje, en dat wie oars net slagge.

Dy passazjiers binne troch trije rêdingboaten fan de KNRM en trije skippen fan Veltman Marine Service wer nei de haven brocht. Njonken de twa fan It Amelân kaam ek de rêdingboat fan Skylge om te helpen. "De passazjiers fûnen it prachtich", seit Ab Kiewied fan de robbeboat. "Der wienen guon, dy't earst oan board bliuwe woenen, mar doe't se seagen dat de KNRM noch wol plak hie, gongen se dochs mar mei. Normaalwei moatte se betelje foar in tochtsje mei de speedboat! En foar de KNRM wie it ek in moaie oefening. No hawwe se dit ek ris by de hân han. It gie dat it slydjage."