Auto's stellen Surhústerfean

30 maaie 2012 - 11:23

By in autobedriuw yn Surhústerfean binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei trije auto's stellen. De dieders fernielden in stek en de tagongsdoar om der yn te kommen. Se hawwe earst in hiel soad oare auto's ferriden en dêrnei de trije auto's meinommen.

Neist de auto's dy't fuort binne is der ek in soad skea oan it gebou. De auto's dy't stellen binne, binne in Audi S4, in BMW en in Subaru. De plysje freget eventuele tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
auto's
(Advertinsje)
(Advertinsje)