File op A7 by Drachten nei ûngelok op ôfrit A7

25 jul 2017 - 18:17
De ôfrit rekke troch it ûngelok blokkearre - Foto: De Vries Media

Op de ôfrit Easterwâlde fan de A7 by Drachten is tiisdeitemiddei in persoan ferwûne rekke nei in iensidich ûngelok. Troch noch ûnbekende oarsaak bedarre de auto tsjin de fangrail wêrnei't de auto op de ôfrit ta stilstân kaam.

Meiwurkers fan de ambulânse hat twa minsken neisjoen. Ien persoan waard foar neier ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs. In bergingsbedriuw waard ynskeakele om de ôfrit frij te meitsjen, mar dat koe net foarkomme dat der yn 'e jûnsspits in lange file ûntstie op de A7 fan de ôfslach Drachten-A7 oant Beetstersweach.

Trefwurden: 
ûngelok A7 ôfrit
(advertinsje)
(advertinsje)