Cambuur lûkt trije spilers oan: Smeets, Rosheuvel en Schils

Mathias Schils komt oer fan Lommel United
SC Cambuur wie tiisdei bysûnder aktyf op de transfermerk. Fan woansdei ôf wurdt de earste seleksje fersterke mei mar leafst trije spilers. Middenfjilder Bryan Smeets (24) komt oer fan De Graafschap. De Limboarrger Smeets makke yn 2009 syn debút yn it betelle fuotbal by MVV, en makke yn 2015 de oerstap nei De Graafschap. Hy hat foar twa seizoenen tekene by Cambuur.
Darren Rosheuvel (23) komt oer fan FC Utrecht. Hy hat foar ien seizoen tekene, mei in opsje foar in twadde seizoen.
Fan it Belgyske Lommel komt middenfjilder Mathias Schils nei Ljouwert. Schils spile de ôfrûne twa seizoenen yn de Belgyske twadde klasse. Dêrfoar spiler hy fjouwer jier lang foar VV Sint-Truiden. Schils hat in kontrakt tekene foar twa jier, mei in opsje foar noch in seizoen.