Aksje foar behâld biotoop fjoerflinter yn Rottige Meente

25 jul 2017 - 17:09

De tige seldsume grutte fjoerflinter krijt dit jier noch wat ekstra help yn natuergebiet de Rottige Meente by Wolvegea. Europa betellet der oan mei, want de soarte is eins allinnich noch mar hjir te finen. It sompegebiet is ea troch ferfening ûntstien en wannear't alles sa njonkenlytsen wer wat tichtgroeit, ûntstiet der hiele bysûndere natoer.

De fjoerflinter is sa seldsum dat er ek wol as 'de Fryske panda' sjoen wurde kin.

De fjoerflinter is te finen by de oergong fan lân nei wetter. Dêr groeit de plant dêr't de flinter de aaien op ôfset en op oerwinteret. Probleem is allinnich it tichtgroeien fan it gebiet as je der neat oan dogge. Dan bliuwt allinnich sompebosk oer. Om dat te kearen wurde der stikken sompebosk opromme. En dat is net foar earst. Begjin ferline jier is dat al op grutte skaal dien. Dit jier krijt dat in ferfolch.

(advertinsje)
(advertinsje)