Siep Anema wol opsette grizzlybear opnij ymporteare

Siep Anema fan Arum sil syn opsette grizzlybear mooglik opnij ynfiere. Anema helle de bear yn 2014 út Kanada nei Nederlân, mar omdat er net de goede papieren hie, waard it bist yn beslach naam troch it ministearje fan Ekonomyske Saken. It bist stiet sûnt dy tiid yn in opslachloads. Anema hat dat al in tal kearen sûnder sukses oanfjochte by de rjochter.

Hy melde tiisdei by de Ried fan Steat dat er de bear no weromstjoere wol nei Kanada en him dan mei de goede papieren opnij nei Nederlân helje wol. It ministearje tinkt dat dat net mooglik is, mar de steatsried sjocht wol mooglikheden. De ried docht dêr meikoarten in útspraak oer.