"Personiel Duinen Zathe skeat wol tekoart"

De meiwurkers fan Duinen Zathe yn Appelskea binne wol deeglik tekoart sketten by it ûngelok mei de achtbaan fan ôfrûne snein. Dat seit Erwin Hoekstra fan Lutjegast. Syn dochter fan alve en syn mem rekken ferwûne doe't de achtbaan in ûnferwachte needstop makke. Hoekstra - oarspronkelik fan De Harkema - hat syn famyljeleden doe sels mar út it bakje helle, ek omdat it personiel neat die.

"It ferhaal dat ferteld is yn de media troch Jeroen Kolthoff kloppet net", sa seit Hoekstra. "It personiel skeat aardich tekoart. De jonges dy't by de achtbaan stiene diene niks. It wie yn earste ynstânsje ien en al panyk, want myn dochter lei bûten bewustwêzen yn de earms fan myn mem. Foar ús is it traumatysk wat der bard is." Hoekstra wie yn Duinen Zathe foar in famyljedei. Dy dei ferrûn oars as se har foarsteld hiene. Famyljeleden dy't net ferwûne rekken sieten oardel oare fêst op it heechste punt fan de achtbaan.

Jeroen Kolhoff fan Duinen Zathe sjocht oars tsjin de gong fan saken oan. Neffens him soe syn personiel wol adekwaat reagearre hawwe. Ek wol it pretpark graach yn gesprek mei de famylje bliuwe, as dêr ferlet fan is, sa lit Kolhoff fan Duinen Zathe witte.