Janneke Ensing wint frouljuskritearium Surhústerfean

25 jul 2017 - 15:10

Janneke Ensing hat tiisdei it kritearium foar froulju yn Surhústerfean wûn. De hurdfytster út Gieten pakte mei fjouwer oaren in ronde foarsprong en fytste dêrnei by de rest wei om solo oer de finish te kommen. De sprint nei 60 km hurdfytsen der efter waard wûn troch Eva Buurman foar Moniek Tenniglo.

Ferline jier wûn Ilona Hoeksma fan Lúkswâld noch yn Surhústerfean, mar dy kaam der lykas Anouska Koster fan De Westereen tiisdei net oan te pas. Koster besocht noch wol lang om by de kopgroep te kommen, mar koe net oanslute. Koster gie as sânde oer de einstreek.

(advertinsje)
(advertinsje)