Fryslân rint fol mei toeristen

25 jul 2017 - 14:31

It giet dat it slydjaget mei de toeristyske sektor yn Fryslân. De besetting fan hotels, campings en bygelyks bêd en brochjes wie yn july foar 95 prosint beset en ek augustus is der hast in folsleine besetting. Net allinnich de Waadeilannen dogge it goed, ek yn de provinsje is de toerist manmachtich oanwêzich.

Neffens Martin Cnossen fan Merk Fryslân is de ôfrûne jierren al in trend fan groei fan toeristen yn ús provinsje te sjen. Dit jier komme der wer mear as foarich jier. Der binne ferskate faktoaren dy't in rol spylje by de populariteit. Kulturele Haadstêd 2018 soarget no al foar mear bekendheid fan de provinsje. Friezen en Nederlanners kieze hieltyd mear foar fakânsje yn eigen lân. Dat soe te krijen hawwe kinne mei de driging fan terrorisme yn oare lannen. Benammen Dútsers witte Fryslân te finen as fakânsjeplak, mar ek hieltyd mear Belgen en Frânsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)