Folkstúntsjes yn Easterwâlde wurde yn de nacht fernield

25 jul 2017 - 14:20

Eigeners fan folkstúntsjes oan de Ter Borgleane yn Easterwâlde hawwe nachts te krijen mei fernielingen. It giet alle jierren wol in kear mis yn de simmerfakânsje, mar sa slim as no hat it noch net west. Túnark leit oeral, plestikken kassen wurde stikken snijd en planten wurde út de grûn lutsen. Ek stuollen en túnark wurde stellen of fernield.

Neffens it bestjoer fan de folkstunen is it nei alle gedachten jongerein út de omkriten dy't de boel fernielt. De plysje seit dat se der net folle oan dwaan kinne omdat der nachts mar ien surveillânse auto omrydt yn de gemeente. De plysje hat de eigeners oanret sels nachts de boel yn 'e gaten te hâlden. Dat slagget ek net omdat de measte túnkers al op leeftiid binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)