Skylge nimt ekstra maatregels tsjin oerlêst fan jongeren

25 jul 2017 - 14:05

Skylge nimt ekstra maatregels om oerlêst troch fakânsjefierende jongeren foar te kommen. Dat is dien neidat it tal klachten oer oerlêst ferline jier flink tanaam is. It giet benammen om meldingen út de doarpen Midslân en Landerum. Sûnt in pear wike is der alle woansdeis oerlis mei fertsjintwurdigers fan de doarpen. Ek binne der praktyske maatregels naam, lykas it fuortheljen fan hingbankjes en it ferbetterjen fan de strjitferljochting. Ek binne befeiligers fleksibeler yn te setten. It is allegearre bedoeld om de oerlêst te beheinen, mar seker net om de jongerein fuort te jeien, sa seit boargemaster Bert Wassink.

(Advertinsje)
(Advertinsje)