Ljouwerters mei dea bedrige

Tsjinstwapen plysje © ANP XTRA
Yn Ljouwert binne tiisdei twa minsken oanhâlden omdat se oare minsken bedrige hiene. Middeis waard op de Gerbrandystrjitte in frou fan 41 oanhâlden, omdat se in man mei in mes bedrige hie. Se sei dat se him deameitsje soe. Se is fêstset op it plysjeburo.
Jûns waard yn de Koestrjitte in man fan 27 oppakt. Hij wie hiel dronken en hie spul krigen mei in man fan 59. Dy hie er mei de dea bedrige. De fertochte is meinaam nei it buro.