Wyb Feddema krijt frijspraak foar brân De Kelders

25 jul 2017 - 13:16

De rjochtbank hat Wyb Feddema fan Ljouwert frijsprutsen foar de brân op De Kelders yn de Fryske haadstêd. De rjochtbank folget dêrmei net de eask fan it Iepenbier Ministearje, dy't fynt dat Feddema 'dood door schuld' te ferwiten is. De eask fan it IM wie in selstraf fan trije moanne ûnder betingst mei in proeftiid fan twa jier.

By de brân op De Kelders yn Ljouwert kaam op sneon 19 oktober 2013 de 24-jierrige studint Idsart Otte om it libben. Hy hierde in keamer yn it hûs fan Feddema. De Ljouwerter húsbaas soe te min maatregels nommen ha op it mêd fan de brânfeiligens yn it hûs.

Tjalling van der Goot, de advokaat fan Wyb Feddema, hie by de rjochtsaak pleite foar frijspraak. Feddema hie de gefolgen fan it net op oarder hawwen fan de brânfeiligensmaatregels net foarsjen kinnen, aldus Van der Goot. Hy stelde ek dat der noch nea immen feroardiele is troch in brân yn in hûs dat net fan de fertochte is, sei Van der Goot by de rjochtsaak. Sa as bekend ûntstie de brân yn in kleansaak njonken it hûs fan Feddema. Idsart Otte koe net op 'e tiid fuortkomme en stikte.

Earder hie it Iepenbier Ministearje ôfsjoen fan strafferfolging. Neidat de âlden fan Idsart Otte yn in saneamde artikel 12-proseduere opnij dêrom fregen, hat it gerjochtshôf yn Ljouwert bepaalt dat it Iepenbier Ministearje dochs mei in stafeask komme mei.

By de útspraak waard wol sein dat der net foldien is oan it boubeslút fan 2012, mar dat dat net genôch wie foar in feroardieling.

Trefwurden: 
brân De Kelders Wyb Feddema
(Advertinsje)
(Advertinsje)