Lommel meldt dat Mathias Schils nei Cambuur giet

It fuotbalfjild van SC Cambuur © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Belgyske middenfjilder Mathias Schils komt nei SC Cambuur. De 24-jierrige spiler komt oer fan Lommel SK, dat útkomt op it tredde nivo yn België. Schils sil nei alle gedachten tiisdeitemiddei keurd wurde. Lommel meldt de transfer op de eigen Facebook-pagina. Technysk direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur seit dat der oan de transfer wurke wurdt, mar dat it noch net rûn is.