Auto by klaverblêd It Hearrenfean op de kop yn 'e sleat

25 jul 2017 - 10:52

Op it knooppunt Hearrenfean is tiisdeitemoarn in auto op de kop yn 'e sleat bedarre. It ûngelok barde op de ferbiningswei fan It Hearrenfean nei Drachten. Ien persoan is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. By it klaverblêd rekke de auto, dy't út de rjochting Stienwyk kaam, fan de dyk. De ferbiningswei tusken de A32 en de A7 rjochting Drachten is ticht.

Trefwurden: 
ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)