Ungelok troch pillen en drank

30 maaie 2012 - 10:42
Foto: Omrop Fryslân

In 54-jierrige Ljouwerter is tiisdeitejûn syn rydbewiis kwytrekke, omdat hy ûnder ynfloed fan alkohol en medisinen in ûngelok feroarsake hie. De fertochte botste op de Winklerwei yn de stêd earst tsjin in stoeprâne en doe tsjin in beam.

De Ljouwerter rekke ferwûne oan de noas en moast him behannelje litte yn it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok drank pillen
(advertinsje)
(advertinsje)