Mishanneling stasjon Ljouwert
Op it stasjon yn Ljouwert is tiisdei in 58-jierrige man út Snits oanholden omdat hy in meiwurker fan in ferfiersbedriuw mishannele hie.
De Snitser wie ûnder ynfloed fan alkohol. De man fan it ferfiersbedriuw woe de fertochte ta bedarjen bringe, mar doe sloech de Snitser him.