Kollum: "De brune toeter"

25 jul 2017 - 08:21

"Der sit in luchtsje oan dizze kollum. Dat sit sa. Okkerdeis trof ik kunde dy’t ik al in skoftke net sjoen hie. Hy wie by de frou wei en hie, de lêste kear dat wy praten, in nije freondin. Nei’t wy inoar op it skouder slein hiene frege ik him hoe’t it mei de relaasje gie. ‘Goed,’ sei er. ‘Ik ha foar it earst ôfskiten dêr’t se by wie.’ Net fuortendrekt in antwurd dat ik ferwachte hie. Hy glimke om myn betizing. ‘Ik fiel my op it gemak by har,’ lei er út. ‘It wie in trochbraak yn ús yntimiteit.’

Dat in skeet minsken tichter byinoar bringe kin is in fassinearjend gegeven. No is it fansels ek in natuerlik ferskynsel. Sketen binne termgassen dy’t elkenien mei de spiisfertarring produsearret. Dy gassen moatte derút. Trochstrings litte wy sa’n fyftjin oant fiifentweintich sketen per dei, it meastepart dêrfan nachts. Oerdeis ha wy oanstriid om se út fatsoen of skamte yn te hâlden. Nachts lykwols ûntspanne alle spieren en klinke der sa’n tsien oant fyftjin kiloknallers ûnder it dekbêd.

De Amerikaanske stand-upper Louis CK seit dat de skeet it meast ideale comedy-materiaal is: it komt út de anus, it stjonkt en it makket in lûd as fan in trompet. Of as fan in tromboane. Of in tuba, krekt wa’t it docht. Mar ôfpoepe betsjut net allinne humor. Nee, de rektaaltwirre, de brune toeter of it útlaat skjinblazen is in taal, in wize fan kommunisearjen. Dat makket de hjerring ús dúdlik.

Kanadeeske ûndersikers ha in pear jier lyn ûntdutsen dat hjerringen mei-inoar kommunisearje troch ôf te skiten. In lûd dat se de Fast Repetitive Tick neame. De hjerringruft ‘knetteret’ tusken de sân en fiifensechtich kear per skeet. As in soarte fan morsekoade. De hjerringsketen wiene earst ûnbekend. Om 1980 en 1990 hinne socht de Sweedske marine nei mysterieuze ûnderseeërs, omdat se in lûd opfongen dat se net thúsbringe koene. Dat soarge foar in strieminne ferhâlding mei Ruslân. Doe’t it Eastblok letter útinoar foel bleaune dy lûdsjes lykwols trochgean… Wol even wat om by stil te stean as men in sâlten of in soerenien fuorthaffelet.

Ofblaze is dus ek kommunisearje. De minske is ûntstien út de earste fisk dy’t oait oan lân klaude. Dy hat grif mei ferbjustering om him hinne sjoen, en dy ferbazing mei in grut tal sketen kenber makke. Dy wize fan kommunisearjen, dy taal fan gas brûke wy no noch, ek al is it ûnbewust. Manlju ûnderinoar kinne bygelyks in knetterjende skeet wol wurdearje. It gnyskjen dêroer heart der krekt sa by as praat oer fuotbal, bier en muzyk. In daverjende skeet is goed foar de groepsfoarming, nei’t men earst in stap byinoar wei set hat.

Doe’t ik dat allegear yn my omgean litten hie, begriep ik wat myn freon sei. Troch ôf te skiten yn it bywêzen fan syn frommeske liet er net allinne blike dat er har aardich fûn, mar dat er har op itselde stuit syn leafde ferklearre. Dêrom, bêste, leave minsken: Lit se fleane, alle dagen wer. Foar in bettere wrâld."

(Advertinsje)
(Advertinsje)