Distribúsjesintrum itensbanken trije wike ticht

25 jul 2017 - 07:08

Problemen foar de Fryske itensbanken. It distribúsjesintrum yn Meppel dat iten útsutelet yn de noardlike provinsjes is de kommende trije wiken ticht. It sintrum hat net genôch frijwilligers yn dizze fakânsjetiid. It Fryske sintrum yn Drachten moat der dêrom yn dizze trije wike wat mear wurk foar dwaan. Swierrichheden binne der net mei de hâldbere en ynferzen produkten. Der is foldwaande op foarried. Mei farske produkten leit it oars. Smeding Griente en Fruit fan Sint-Anne leveret ien kear yn 'e wike oan Meppel. Dat kin no net. Dêrom sille de meiwurkers fan de dependânse yn Drachten no sels de produkten út Sint-Anne helje.

As der yn Drachten ferlet is fan frijwilligers, dan sille bestjoersleden byspringe om de saak draaiende te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)