Frou trapet doar stikken

30 maaie 2012 - 10:22
Foto: Omrop Fryslân, Marijke van der Hoek

In 32-jierrige ynwenster fan Drachten hat tiisdeitejûn op de Dwerswyk yn har wenplak in slachierblieding oan de foet oprûn. De frou hie it rút fan in doar stikken trape. De frou is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

In 35-jierrige ynwenner fan Drachten is by it insidint oanholden, omdat hy de plysje tsjinwurke by de helpferliening.

Trefwurden: 
traumahelikopter Dwerswyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)