Fuotbalfroulju nei kwartfinales, wer haadrol foar Spitse

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe harren moandeitejûn pleatst foar de kwartfinales fan it EK yn eigen lân, troch ek de tredde groepswedstriid te winnen. België waard mei 2-1 ferslein. Opnij wie der in haadrol foar Sherida Spitse fan Snits. Sy sette Oranje nei in lyts healoere op 1-0 troch, lykas yn de wedstriid tsjin Denemarken, in strafskop binnen te sjitten.
Yn de twadde helte makke België lyk, mar in kertier foar tiid makke Lieke Martens de 2-1 foar Oranje. Kommende sneon spilet Oranje tsjin de winner fan Groep B.