Drokte foar dokterswacht, en it wurdt noch drokker

25 jul 2017 - 06:00

Foar de dokterswacht heart de simmerfakânsje ta de drokste perioaden fan it jier, want njonken Friezen dogge ek hieltyd mear toeristen in telefoanysk berop op de dokterswacht. By grutte eveneminten as de Snitswike wurde ekstra minsken ynset. Alle telefoantsjes foar hiel Fryslân - en dat binne der sa'n 150.000 yn it jier - komme út by it saneamde triaazjesintrum fan de dokterswacht op It Hearrenfean. Hjir sitte jûns om fiif oere - as de húsdokterspraktiken it antwurdapparaat oansette - sa'n tsien spesjalisearre telefonistes klear om de minsken te wurd te stean. Dêrnjonken is der ek altiten in húsdokter oanwêzich dy't de triagisten helpe kin by it jaan fan de goeie advizen.

Gau ôfspraak of help

Foar sechstich persint fan de bellers wurdt noch deselde jûn of nacht in ôfspraak of in oare foarm fan help regele. De oare fjirtich persint kin yn earsten út de fuotten mei telefoanysk advys oer wat se it bêste dwaan kinne. Der ride sa'n tsien dokterswachtauto's mei sjauffeur troch Fryslân foar it ôflizzen fan besiten, mar de minsken kinne ek sels nei ien fan de fiif dokterswachten reizgje, as dat nedich is. De planning fan dy ôfspraken en fan de rûten fan de dokters wurdt ek op it triaazjesintrum dien.

Op telefoanyske pykmominten yn benammen it wykein kin it foarkomme dat minsken wolris wat langer wachtsje moatte, foardat se te wurd stien wurde. Om hjir wat oan te dwaan hat de dokterswacht in spoedlijn makke foar driuwende gefallen, dy't altiten binnen tritich tellen opnommen wurdt. De kommende hjerst sil de dokterswacht ynvestearje yn in nije telefoansintrale mei mear mooglikheden. Yn de takomst hopet de dokterswacht ek mei bylden fan mobile telefoans wurkje te kinnen om sa noch better beoardielje te kinnen watfoar help de minsken nedich hawwe. Minsken dy't twivelje oft it al as net nedich is om kontakt te sykjen mei in dokter of de dokterswacht kinne ek telâne op de app of webside, dy't spesjaal dêrfoar makke is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)