Dumfries tekenet foar fjouwer jier by SC Hearrenfean

24 jul 2017 - 22:17
Foto: ANP

De 21-jierrige Denzel Dumfries hat him foar de kommende fjouwer jier ferbûn oan SC Hearrenfean. De rjochter ferdigener wurdt tiisdei yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean presintearre. Dumfries komt oer fan Sparta Rotterdam en moat by de Feansters de opfolger wurde fan Stefano Marzo.

Mei syn 21 jier wurdt Dumfries sjoen as in grut talint. Ferline jier krige er al in Gouden Bolle útrikt as grutste talint fan de Jupiler League.

Woudenberg ûnwierskynlik

Linksback Lucas Woudenberg sil nei alle gedachten gjin kontrakt mear tekenje by SC Hearrenfean. Hy sit no noch by Feyenoord, mar dy klup wol him allinne mar ferhiere. De Feansters binne just ynteressearre yn keap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)