Martijn van der Laan komt werom nei Cambuur

Martijn van der Laan yn syn tiid by SC Cambuur © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Fuotballer Martijn van der Laan komt werom nei SC Cambuur. Boarnen melde dat de ferdigener syn kontrakt by FC Groningen ûntbine wol en dat hy by Cambuur in nij kontrakt tekenje sil. Technysk direkteur Gerald van den Belt fan SC Cambuur jout oan dat hy der noch neat oer sizze kin. Van der Laan krige in jier lyn by Grins te hearren dat hy omsjen mocht nei in oare klup.
Doe't dat net slagge, waard de 28-jierrige fuotballer werom set nei it alvetal ûnder de 23. Van der Laan spile earder by Cambuur en wie dêr suksesfol.