Opfang Zienn: minder minsken, earnstiger problemen

De noardlike opfangorganisaasje Zienn hat yn 2016 mei-inoar 2274 minsken opheind. Dat is njoggen persint minder as yn 2015. Neffens bestjoerder Alice Vellinga betsjut dat net dat Zienn it minder drok hie, want de minsken dy't har melde, hawwe faker earnstige problemen lykas psychyske problemen en ferslaving, en dêrtroch bliuwe se hieltyd langer. Boppedat is it foar minsken yn de krisisopfang of nachtopfang hiel dreech om betelbere nije wenromte foar in nije start te finen. 2016 wie sadwaande gjin kalm jier foar Zienn.
Hegere besetting
De nachtopfang yn Ljouwert hie ferline jier sels in 4% hegere besetting troch it langere ferbliuw. Minsken ferbliuwe hjoed-de-dei yn trochsneed sa'n 42 nachten yn de nachtopfang, fiif jier lyn wie dat gemiddeld noch 30 nachten. Om mear rêst te kreëarjen yn de nachtopfang stribbet Zienn nei in aparte opfanglokaasje foar jongeren. Zienn wol de jongeren leaver net opheine yn in grôtfol gebou tusken minsken mei swiere problemen. Zienn kaam ferline jier yn Fryslân by 1050 húshâldingen oer de flier foar ambulante begelieding, dat is 11% minder as yn 2015. Dy ambulante begelieding stiet ûnder druk, omdat de fergoeding dêrfoar net kostedekkend is.
Nije wize fan begelieding
Om te foarkommen dat it noch drokker wurdt yn de nachtopfang en krisisopfang pleitet Zienn foar in nije wize fan yntinsive begelieding. De opfangorganisaasje wol hjirfoar saneamde 'paadjesmakers' ynsette dy't tusken alle regels troch it koartste paad sykje nei in persoanlike oplossing. De organisaasje hopet sa te foarkommen dat minsken yn in krisissituaasje út har hûs set wurde, want dat is neffens bestjoerder Alice Vellinga fan Zienn yn de measte gefallen de bêste oplossing. Zienn wol hjiroer ek yn petear mei de gemeente Ljouwert.