Tineke Schokker bliuwt boargemaster fan Flylân

24 jul 2017 - 20:43

De gemeenteried fan Flylân hat Tineke Schokker moandeitejûn foardroegen as nije boargemaster fan it Waadeilân. In grutte ferrassing is dat net, want Schokker is al twa jier waarnimmend boargemaster en wie troch de gemeenteried útdruklik frege om te sollisitearjen.

Der hiene tolve minsken sollisitearre op de baan fan boargemaster. Schokker is sûnt april 2015 waarnimmend boargemaster en wie dêrfoar acht jier lang deputearre.

(advertinsje)
(advertinsje)