FIDEO: Bern op fuotbalkamp yn Bakkefean

It wie moandei aardich waar yn Bakkefean, en dat kinne se dêr dizze wike ek wol brûke. Der wurdt nammentlik in fuotbalkamp foar bern hâlden op de fjilden van VV Bakkefean. It is de santsjinde kear dat der sa'n fuotbalkamp organisearre wurdt. Wolter Nuland fan de feriening is der al fan it begjin ôf by en fertelde ferslachjouwer Hayo Bootsma alles oer it kamp.