Hildebrand Bijleveld nije haadredakteur Friesch Dagblad

Hildebrand Bijleveld wurdt de nije haadredakteur fan it Friesch Dagblad. Nei eigen sizzen hat de krante mei de 51-jierrige berne Harnzer in rassjoernalist binnenhelle, dy't de krante op papier en digitaal klear foar de takomst meitsje kin. Bijleveld sil fan 1 oktober ôf oan it wurk by de krante, oant dy tiid bliuwt Anne Westerduin ynterim-haadredakteur. Bijleveld waard moandeitejûn foardroegen oan de redaksje, dy't unanym akkoart gie.
Bijleveld hat in soad ûnderfining opdien by kranten, radio en ynternet. Hy wurke fan 1987 oant 1989 as ferslachjouwer by it Friesch Dagblad. Dêrnei hat er as korrespondint yn Súd-Afrika wurke foar Trouw en Radio 1 en wie er polityk redakteur by ferskate media. Fan 2000 oant 2016 wie er sindeling yn Sûdan en wurke dêr oan ferskate mediaprojekten. Sûnt 2016 is Bijleveld manager by Stichting Timon, dêr't er wurke by de opfang fan minderjierrige asylsikers.
Regionaal en tsjerklik
Bijleveld sjocht út nei syn nije funksje. Sels seit er dêroer: ''Ik fyn it geweldich om wer oan 'e slach te gean by it FD. Moandeitemoarn die ik noch hiel wat oars, it sil foar my ek wennen wêze.'' Hy sjocht regionaal en tsjerklik nijs as wichtige pylders fan de krante.
Bijleveld folget Lútsen Kooistra op, dy't earder dit jier nei 22 jier ôfskied naam fan de krante.