Werynrjochting sintrum Easterwâlde stapke fierder

24 jul 2017 - 18:45

Mei de sloop fan in snackbar is moandei yn Easterwâlde in folgjende stap set yn de werynrjochting fan it sintrum fan it doarp. It masterplan is al yn 2014 fêststeld troch de gemeenteried. Sûnt dy tiid is de Poeisz supermerk út it sintrum ferdwûn en is de C1000 in Albert Heijn wurden. No wurde it parkearterrein Brugkampwei werynrjochte en in parkearterrein by de Trambaan oanlein.

Yn de oanrin nei de plannen wie der ek krityk fan de ynwenners. Guon punten binne meinaam yn de útfiering fan de plannen.

(advertinsje)