Miljoen boeken yn WTC-Expo

30 maaie 2012 - 09:52

Healwei juny wurdt yn it WTC-Expo yn Ljouwert foar de twadde kear ien fan de grutste boekebeurzen fan Nederlân holden. In miljoen boeken, multymedia en hobby-artikelen wurde oanbean. It giet om guod dat om wat foar reden dan ek net mear foar de fêste priis ferkocht hoecht te wurden. Bygelyks omdat boeken skansearre binne.

It saneamde 'Boekenfestijn' is in inisjatyf fan de Centrale Boekhandel.

Trefwurden: 
WTC Expo boekebeurs
(Advertinsje)
(Advertinsje)