Waskemarders yn noed oer dyk: "Dit kin sa net trochgean"

24 jul 2017 - 17:07

Bewenners fan de Compagnonswei meitsje harren al jierren soargen oer de dyk yn Waskemar dêr’t sneintejûn in auto te wetter rekke.

Soarchlike tastân

Yn de auto sieten seis persoanen. Twa fan harren, in jonkje fan 9 en in famke fan 19 jier, binne der min oan ta. Harren tastân is "soarchlik", seit plysjewurdfierder Nathalie Schubart. Fan de oare ynsittenden wiene twa net ferwûne en twa binne wol opnaam yn it sikehûs, mar harren tastân is net bekend.

Der is fierder noch gjin nijs oer de oarsaak fan it ûngelok. Buertbewenners hawwe wol in idee. Neffens harren barre der alle jierren sa’n fjouwer of fiif ûngelokken dêr't auto’s by yn it wetter, yn de berm of yn de tún fan ien fan de bewenners reitsje. De dyk hat in soad bochten en is hiel glêd as it reint.

"It is wer safier"

"Ik kin it oan it lûd fan de remmen hearre", seit Annie Bouma, dy’t al 25 jier by de dyk wennet. Se hat al meardere kearen meimakke dat der in auto by har yn de tún stie, mar ek dat der auto’s yn it wetter belânen. “Dan sjogge myn man en ik elkoar oan en sizze we: it is wer safier." De N971 is de provinsjale dyk fan Oerterp nei Haulerwyk. It stik dyk dêr't it om giet, rint by it wetter del en hat in soad bochten. Bestjoerders meie der 60 km ride, mar neffens Bouma ride de measte auto’s ûngefear 80.

De snelheid is neffens buertbewenner Wilma Hofsté net altyd de reden dat de auto’s út de bocht fleane. “Rein is it grutste probleem. Foaral op dagen dat it moai waar is en dat der in bui oerhinne komt. De dyk en de bochten wurde dan sjippeglêd. En dan kin sels in auto dy’t mar 30 km rydt fan de dyk glydzje.”

"Der moat wat barre"

Wilma Hofsté wie sneintejûn thús doe’t de auto yn it wetter rekke. Se hat mei in buorman holpen de ynsittenden út de auto te krijen. “Dit wie net de earste kear dat ik yn it wetter stapt bin om minsken út it wetter te heljen. Oan no ta binne der gjin minsken swier ferwûne rekke, mar dat wie dizze kear oars." Alle kearen skrikt Wilma der bot fan as se in plons heart en dan hopet se mar dat se der op 'e tiid by wêze kin. "Dit kin net langer sa trochgean. Der moat wat oan de dyk dien wurde."

Dyk "net gefaarlik"

Beide buertbewenners ha kontakt socht mei de provinsje oer de dyk, mar oant no ta sûnder sukses. De dyk wurdt by de provinsje noch bestimpele as "net gefaarlik". Dat komt omdat lang net alle ûngelokken registrearre wurde. Sa hat de provinsje fan 2011 oant 2017 mar fiif ûngelokken registearre (ynklusyf dy fan snein).

De provinsje is wol fan plan om snelheidsremjende maatregels te treffen by de dyk. Dit net nei oanlieding fan de ûngelokken, mar nei oanlieding fan it 'veilige wegen-programma', wêrby't 70 Fryske diken oanpakt wurde. Dat betsjut dat der nei alle gedachten nije belining op de dyk komt en twakleurich asfalt. De provinsje stribbet dernei om dêr ein 2018 of begjin 2019 mei oan de slach te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)