File troch ûngelok A7
Op de A7 tusken It Hearrenfean en Drachten stiet in file nei oanlieding fan in ûngelok. By Terwispel rekke in auto troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en kaam yn in drûge sleat neist de sneldyk telâne. De bestjoerder is oansprekber, mar it is net dúdlik oft hy ferwûne rekke is. Der is ien rydstrook ôfsletten.