Frou nimt bern mei op rôftocht: 3 moannen de sel yn

24 jul 2017 - 16:46
Foto: ANP XTRA

In 38-jierrige frou út Ljouwert is moandei by ferstek feroardiele foar stellerij op in fakânsjepark yn Aldemardum. De plysjerjochter hat in moanne selstraf oplein.

Begjin dit jier ferbleau de frou yn in húske op it park. Oare bewenners hiene de frou en har bern rinnen sjoen mei spul dat se by oare húskes weihelle hiene. Se hiene stoepetegels, beamstamkes en in foufyts stellen. Mei in kroade hie ien fan de bern ek noch in túnkachel meinaam by in oar hûs wei. Oare bewenners sommearden har it spul werom te bringen mar dat die se net.

De frou wie al in bekende fan de plysje. Se hie earder al mei in kopy fan it rydbewiis fan har mem in auto hierd, wylst har eigen yn febrewaris ynnaam wie. De frou soe neffens de plysje eins psychiatryske helpferliening hawwe moatte, mar dat wegeret se.

"Dit is een verdachte die behoorlijk het pad kwijt is", sei officier van justitie Ger Strootker. De reklassearring advisearre it oplizzen fan in finzenisstraf omdat se dan yn it penitinsjêr psychiatrysk sintrum yn Zwolle behannele wurde kin.

Se moat yn alle gefallen trije moannen nei de finzenis fanwege eardere delikten en omdat se yn de proeftiid yn de fout gien wie.

(advertinsje)
(advertinsje)