Yn septimber dúdlikheid oer wrâlderfguodsintrum Lauwerseach

De haven fan Lauwerseach © Rykswettersteat
Yn septimber wurdt dúdlik oft der in nij wrâlderfguodsintrum by Lauwerseach komt. Dat meldt RTV Noord. De gemeenteried fan De Marne hie hope dat dy dúdlikheid der al foar de simmer wêze soe, mar inisjatyfnimmers De Marne, provinsje Grinslân, seehûnesintrum Pieterburen, de haven fan Lauwerseach en Steatsboskbehear ha langer nedich. Sa binne de partijen it noch net iens wurden oer wa't ferantwurdlik wurdt foar de eksploitaasje fan it nije gebou dêr't it seehûnesintrum, Steatsboskbehear en in hotel yn ûnderbrocht wurde. Dêrneist moat noch sjoen wurde nei de útwreiding fan de parkeargelegenheid.