Ferfelende manlju net mear wolkom yn kroech

24 jul 2017 - 13:39
Foto: ANP

Twa Ljouwerters fan 18 en 21 jier hawwe ôfrûne nacht in tagongsferbod fan in jier krigen foar in hoarekasaak oan it Ruterskertier yn de stêd. De beide manlju woene nei it ferlitten fan de saak wer werom, mar dat mocht net. Dêrop begûnen se hiel ferfelend te dwaan tsjin de portiers fan de saak. De manlju meie no in jier lang net mear yn de hoarekasaak komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)