Karkes fan achtbaan Duinen Zathe wurde oanpast

Nei oanlieding fan it ûngelok mei de achtbaan yn attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea, wurde de karkes oanpast. Om de beugels hinne komt dikker isolaasjemateriaal. Dêrmei moat foarkaam wurde dat minsken by in needstop blauwe plakken oprinne. Dat barde sneintemiddei. In frou rûn lichte kniezingen en blauwe plakken op nei't de achtbaan yn it feilichheidssysteem skeat en ûnferwachte ta stilstân kaam.
Ut ûndersyk hat yntusken bliken dien dat der in sensor stikken wie. Dêrtroch waard it feilichheidssysteem aktivearre en gie de achtbaan op 'e remme. De sensor is wer makke. De achtbaan is moandei gewoan wer iepen foar de besikers.