Hieltyd minder learlingen nei Simmerskoalle

Der komme hieltyd minder learlingen nei de Simmerskoalle yn Ljouwert. It weromrinnend oantal learlingen komt neffens projektlieder Alexander Bloem mei trochdat learlingen der alles oan dwaan wolle om foar te kommen dat se twa wiken fan harren fakânsje kwytreitsje.
De Simmerskoalle is in inisjatyf fan Gymnasium Beyers Naudé, skoallemienskip Comenius, skoallemienskip Ulbe van Houten en skoallemienskip Piter Jelles om foar te kommen dat learlingen sitten bliuwe. Yn twa wiken tiid wurde de learlingen yntinsyf byspikere.
Op dit stuit meitsje 37 learlingen hjir gebrûk fan. Foaral wiskunde is populêr. Dit is it tredde jier dat de Simmerskoalle organisearre wurdt.