Man beboete nei't er mei auto op lantearnepeal rydt
De plysje hat sneintejûn in 39-jierrige man op de bon slingere. Op de Oostergowei yn Ljouwert wie er tegearre mei syn freondinne yn de auto tsjin in lantearnepeal botst. Omdat de man gjin rydbewiis hat, krige er in boete. De man en syn freondinne rekken net ferwûne by de botsing. De bestjoerder hie net dronken, meldt de plysje.