Plysje siket tsjûgen autobrân

24 jul 2017 - 11:50
Foto: 112nof.nl

De plysje siket tsjûgen dy't mear witte oer de autobrân oan de Boskwei yn Sweagerbosk. Dêr gong snein 16 july om twa oere yn de nacht in auto yn flammen op. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de auto moedwillich yn de brân stutsen is. Op kamerabylden is in man of frou te sjen, dy't op in fyts mei fytstassen by de auto stiet. Koart dêrnei fleant de auto yn de brân.

Wa't mear wit oer de brân kin him melde by de plysje.

Trefwurden: 
autobrân plysje sweagerbosk
(Advertinsje)
(Advertinsje)