Wer prate oer swimles D'diel

30 maaie 2012 - 07:39

Mei in mearderheid fan ien stim hat de ried fan Dantumadiel tiisdei besletten om noch efkes te wachtsjen mei de echte ôfskaffing fan it skoalswimmen yn de gemeente. De earste kear dat de ried fan Dantumadiel stimde oer it skoalswimmen staakten de stimmen. Yn prinsipe is it skoalswimmen yn Dantumadiel al ôfskaft en soe der in saneamde fangnetregeling komme foar de echte minima. Mar de ried wol dat it kolleezje noch ris mei alle partijen prate sil om der wis fan te wêzen dat alle bern kâns op swimles ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)